Lês-mar-foar-wiken

Fan 1 oant en mei 25 septimber wurdt der oeral yn Fryslân foarlêzen: op de berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en biblioteken en fansels thús! Want foarlêzen is net allinnich gesellich, mar ek tige wichtich foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en alhiel foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk.  

Yn dizze moanne organisearje wy ferskate aktiviteiten. Brânwachtman Anne de Jager lêst foar út Stip yn 'e brânspuitauto en beantwurdet fragen oer it wurk by de brânwacht.  Ek kinst harkje nei de aventoeren fan Tys & Teske en dêrnei in moaie tekening meitsje of meidwaan oan ien fan de oare foarlês- en knutselmominten.

Fryske boeketips


Agenda

It Lês-mar-foar-project

It Lês-mar-foar-projekt is in jierlikse mienskiplik inisjatyf fan de Tomke- en de Keimpe-wurkgroep en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 o/m 8 jier. De wurkgroep bestiet út Afûk, Fers, SFBO, Cedin en Omrop Fryslân.