Hylke Speerstra: Op klompen troch de dessa

17 oktober 2020, van 15:00 tot 17:00 | Museum Heerenveen

Kosten: € 7,50

Deze activiteit heeft in het verleden plaatsgevonden. Klik hier voor alle actuele activiteiten.

De Fryske skriuwer Hylke Speerstra hâldt yn it ramt fan de Moanne fan de Skiednis in lêzing oer syn boek 'Op klompen troch de dessa'. In oangripende ferhalebondel oer de ûnderfiningen fan jonges fan it Fryske plattelân dy't nei Indië moasten.

Mannen út de regio

Gewoane jonges wiene it. Se rûnen op klompen nei skoalle, waarden trettsjin jier en moasten oan 't wurk. Se waarden jongfeint, krigen alris in bytsje ferkearing. Doe't hjir de oarloch dien wie, moasten se foar keninginne en faderlân nei Indië. Want Indië wie dochs fan ús? Wy batsten sa te sizzen op klompen troch de dessa. Mei de wiisfinger om de hoanne fan it gewear, want wy moasten earst wêze om te oerlibjen. De bleue jonges fan it Fryske plattelân bedarren yn in tropysk jongesboek. Mar hjir gie it op libben en dea. 

De jonges fan doe binne mannen fan fier boppe de tachtich. Lang ha se swijd mar no fertelle se. Harren wierheid is hurd, somtiden ferbjusterjend en oangripend. Wy waarden de guerrilja en eksekúsjes yn sleept. Hylke Speerstra heinde harren ferhalen en lei se fêst foar de takomst yn Op klompen troch de dessa.

Speerstra's boek, dat ek yn it nederlânsk útjûn is, hat tegearre mei in pear resinte stúdzjes en públikaasjes soarge foar in breed nasjonaal ûndersyk nei wat der mis gie foar en tidens de dekoloanisaasjeoarloch. 

Yn it frysk

Hylke Speerstra fertelt hjoed oer de ûnderfinings fan de mannen út dizze regio. Hij docht syn ferhaal yn it frysk, yn it museum fan Hearrefean. Kaartsjes binne foar € 7,50 te keap fia de knop hjirûnder. 

Museum Heerenveen
Sneon 17 oktober
Fan 15.00 oant 17.00 oere